Doarp Europa yn útferkochte loads Knol Akkrum

Ingevoerd op 05-12-2018

Wolris in foarstelling sjoen tusken kranen, buizen en stielen profilen? Sneon 1 desimber spile Tryater de foarstelling Doarp Europa foar in útferkochte loads fan Knol yn Akkrum. Doarp Europa is te sjen op plakken dêr’t wenne wurdt en dêr’t wurke wurdt. Sa wie de foarstelling al yn húskeamerformaat te sjen yn Poppenwier, Grou, Reduzum, Wurdum, Aldeboarn, Wergea en Jirnsum en de lokaasjefoarstelling wie earder te sjen by Van Vuuren BV yn Grou. In protte foarstellingen wienen útferkocht, dêrom is der in ekstra foarstelling op freed 14 desimber by Mannen van Staal yn Ljouwert.

Doarp-Europa-yn-útferkochte-loads-Knol-Akkrum Doarp-Europa-yn-útferkochte-loads-Knol-Akkrum