Wêrom sa’n gedoch oer de tiid, nim de Akkrumer tiid

Ingevoerd op 06-11-2018

Yn it parkje efter it mear as 100 jier âlde Coopersburg te Akkrum stiet in nijsgjirrich hurdstienen krús op in mitsele sokkel. Sa yn oansjen is de betsjutting net fuortdaliks dúdlik mei syn tolve  swart ferve sifers.
Mar it is in sinnewizer, dy’t al sûnt de 30er jierren de tiid fan Nederlân foar de oarloch oanjout. Dizze sinnewizer is skonken troch in Menniste dûmny Van der Meulen, doe’t hy regent fan Coopersburg wie.
By goed sinneskyn waar falt it skaad fan de skerpe hoeken op de rjochthoekige flakken fan it krús en wiist hjir in plak oan op ien fan de fine rjochte lijnen of der tusken. Dy lijnen komme út by ien fan de sifers  en sa kin men de tiid neffens de sinne ôflêze. Men komt dan út op 40 minuten foar de Midden Europeeske wintertiid en 20 minuten letter as de Greenwichtiid. Wy fine dat it in moaie oplossing wêze soe om dizze tiid oan te hâlden, dan hawwe wy fan beide kanten wat. 
Dit type sinnewizer skynt frij unyk te wêzen en mooglik de ienichste yn syn soarte yn Nederlân. Oer de grins, yn it Dútske Sögel fynt men in soart gelykense sinnewizer foarme troch it krüs dat Jezus draacht.

Jan Calsbeek

Sinnewizer-Akkrum-Coopersburg Sinnewizer-Akkrum-Coopersburg