Diajûn Stifting Akkrum Ald en Nij

woensdag 6 november - 19.30 uur - Leppehiem

De Stifting Akkrum Ald en Nij hâldt him dwaande mei it sammeljen fan foto’s, kranteknipsels, dokuminten en oar materiaal oangeande it doe en no fan Akkrum.
Foar de twadde kear dit jier stelt Akkrum Ald en Nij stipers en oare belangstellenden yn ‘e gelegenheid mear te witten te kommen oer it ferline fan Akkrum troch in ‘diajûn’.
Foar it skoft: ‘Winkelje yn Akkrum en Nes, sa’n 50 jier ferlyn’. It tal winkels is lang net mear sa grut as yn it ferline. De tiid fan mear as ien bakkers-, griente- en slachterswinkel is al lang foarby. Heech tiid om ris werom te sjen.
Nei it skoft wurdt der in tal filmkes draaid, b.g.: de yntrede fan boargemaster J. Anker, de folksfermaken, palmsnein. Ek wurdt der in film fertoand fan in personielsreiske fan eksportslachterij FCE (1954).
Al mei al stof genôch foar in noflike, smoute jûn, dy’t holden wurdt op woansdei 6 novimber 2013, de jûns om healwei achten yn de rekreaasjeseal fan Mienskipssintrum Leppehiem oan ‘e Leppedyk te Akkrum. En tink derom: Fol = Fol.